Waadhoeke fynt it wichtich dat alle minsken yn de gemeente meidwaan kinne. Wat se dêrfoar nedich binne, witte minsken sels it bêste. Mei de ‘sosjale ynklusyaginda’ wol Waadhoeke ynwenners stypje dy’t inisjativen hawwe om harren wenomjouwing better te meitsjen. Sa hie Bertina Algra it idee fan in netwurksintrum yn har doarp St.-Jabik: in plak dêr’t elts terjochte kin en dat de ferbining tusken de ynwenners fergruttet.
Yn opdracht fan de gemeente ûntwikkelet Bertina Algra no NWC de Opstap yn St.-Jabik. En wat docht bliken? De Opstap soarget al foar ferbining selfs noch foar de iepening yn it foarjier.
Bertina Algra hie in idee foar in talintesintrum yn har wenplak St.-Jabik. Dat ûntstie ûnder har dieltiidstúdzje Sosjaal Wurk. It die bliken dat it idee oanslute by de ynklusive mienskip-aginda fan de gemeente. Yn oanpaste foarm mocht sy har idee útfiere, yn opdracht fan de gemeente.