Klimaatfytsers hoopje op Frans Timmermans

Gepubliceerd op: 07-11-2021

Op 'e fyts fan Amsterdam nei de klimaattop yn Glasgow. Ofrûne snein is in groep fan sa'n tritich klimaataktivisten úteinset mei dy tocht. De aktivisten 'fjochtsje' tsjin de kjeld, rein en de Skotske heechlannen om wrâldlieders sjen te litten dat it neffens harren oars kin en moat. Se hawwe ûnder oare brieven mei fan skoalbern fan basisskoalle De Twiner yn Sint-Jabik.

Boadskip foar Timmermans

Der fytse ek twa Friezen mei: Dirk Kuiken fan Sint Jabik en Ellis Mourits fan Ljouwert.

De fytsers hawwe it bytiden dreech, mar se binne der wis fan dat se Glasgow berikke sille mei de berjochten foar de klimaattop. Acht lekke bannen en swiere bercheftige gebieten meitsje it der net makliker op, mar de reaksjes fan minsken ûnderweis stypje de fytsers. Se hoopje dat Frans Timmermans, vice-foarsitter fan de Europeeske Kommisje, de brieven oannimme wol.

Lees verder op OmropFryslan.nl